Hast noch in setsje of goed bh yn in laad lizzen en dochst der neat mei? Bring ‘em dan foar 22 febrewaris nei de bibleteek yn Wommels. Iepeningstiden moandei en freed fan 14.00 – 17.30 oere en op woansdeis fan 10.00 – 17.30 oere.
It event ‘Boezemvriendinnen’ is in inisjatyf fan Angelique Borghuis (fan wijkcentrum Aldlân yn Ljouwert en oan it wurk by Humanitas) en Eline de Koning (fraksjfoarsitter PvdA). De bh’s binne bedoeld foar froulju dy’t net folle jild hawwe en it dan meastal ek net útjouwe oan bh’s. Om it projekt ta in grut súkses te meitsjen, is help nedich. Nije en sa goed as nije kwaliteitsbeha’s yn alle soarten en maten. In soad froulju hawwe miskien thús noch bh’s lizzen dy’t dochs net goed pasje of oer binne. By de grutste maten binne de measte tekoarten.
De bh’s kinne úteinlik op moandei 14 maart by it Event Boezemvriendinnen yn Neushoorn yn Ljouwert útsocht wurde troch froulju mei in smelle beurs.
De Sneker beha’s kunnen samen met andere Leeuwarder exemplaren op maandag 14 maart bij het event ‘Boezemvriendinnen’ in de Neushoorn in Leeuwarden door vrouwen met een smalle beurs gratis worden uitgekozen.