(ynstjoerd troch Easterein Rocks)
Sa as jim witte is der in enoarm muzikaal talint yn Easterein. Der stienen, op de Easterein Rocks Jamsessie, wer mear as 20 pleatselike artysten op it poadium. Mar we witte ek dat der in soad jong talint yn dit doarp wennet. Ek dizze toppers wolle we in kâns jaan en derom ha we it folgjend betocht:
Op sneon 15 febrewaris: Easterein Rocks Junior!
Bisto ûnder de 17 jier, bespilest in ynstrumint of hast in goeie stim en wolst in kear yn in band spylje? Jou dy dan op!
De dei sjocht der as folgt út:
13.00 oere: workshop ûnder lieding fan Easterein Rocks muzikanten
17.00 oere: optreden foar âlders en bekenden
Jou dy no op!
Mail eastereinrocks@gmail.com en set deryn
– Dyn namme
– Hoe âld ast bist
– Wat foar ynstrumint datst bespilest
Wês net benaud en mail ús! Ek foar fragen fansels.
De Easterein Rocks Kommisje