Jou die op foar de Jeugdfûgelwachtdei

It Bûn BFVW organisearret yn ‘ e mande mei de fûgelwacht Aldeholtpea e.o. dit jier de jeugdfûgelwachtdei foar bern fan 10 oant 16 jier .
Dizze dei sit berstensfol leuke aktiviteiten lykas : ljeppen , te slingerjen , fûgelspotten en fervjen .
Doch âlde klean oan , dy ‘ t wiet en smoarch wurde meie en nim middeisbrochje en drûge klean mei !

Dizze dei wurdt organisearre  op sneon 10 juny 2017 fan 8:30 oant 14:00 oere ta .
De fûgelwacht Easterein soarget foar ferfier en wy gean om 07.40 wei by it kafee .
De earste jeugdleden hawwe har al opjûn , it giet fést wér in leuke dei te wurden .
Wost ek meidwaan ?
Meld dy dan oan, op syn lêst op woansdeitemoarn 31 maaie by de fûgelwacht .

Ast fragen hast of do wost dy oanmelde , dan kinst in appbericht of sms stjoere oan Gerard (06-83254687) .

Groetnis fan de Fûgelwacht Easterein ,