Jongeskoar Dzvinochok út Kiev op besite yn Easterein

jongeskoar 1Sneintemiddei 2 nov. om 15.30 sitte we yn de kantine fan de Skoalleseize mei spanning te wachtsjen op de sjongers fan it jonges- en mannekoar Dzvinochok út Kiev. Om healwei 5 is de bus der dan. Nei in wolkomstwurd helpt dirigint RubenTolmachov ús om de jonges te koppeljen oan de gastâlders.

No earst mar gau mei nei hûs foar in waarm miel iten. Der is net in lang skoft tiid, want de jonges moatte om goed healwei 7 wer yn tsjerke wêze foar it ynsjongen.

As om 8 oere it konsert begjint sit de tsjerke aardich fol. Al fuort en daliks by it hearren fan it earste nûmer is wol dúdlik dat dit net samar in koar is. It klinkt as in klokje. Foar it skoft wurde meast religieuze stikken songen en nei de kofje wurde we trakteard op Folksmuzyk út de Oekraïne. De stikken binne allegear peareltsjes dy’t troch Janna Reitsma op treflike wize oanelkoar riigt wurde.

jongeskoar 2It wolmiende applaus wurdt troch it koar tankber yn ûntfangst nommen. Wat skitterend, dy moaie kristalheldere stimmen. De jongsten binne amper 9 jier. Nei it konsert sykje de famyljes harren gasten wer op. By sommigen wurdt it bêd daliks opsocht, by oaren komme de tsiis en borrelnútsjen op tafel.

Us gasten fertelle in soad oer harren lân (we ha de laptop derby) en oer harren oplieding. Yn de Oekraïne kinne bern fanôf 6 jier kieze út allerhande aktiviteiten lykas: sport, dûns, skilderjen en dus ek sjongen. De âlders hoege hjir neat foar te beteljen. De lessen wurde op de basisskoallen jûn en binne yntregreard yn it lesprogramma.

 

As der jonges binne dy’t goed sjonge kinne en dat ek graach wolle, gean se nei de koarskoalle fan Ruben Tolmachov. Sa’n 200 jonges yn de leeftiid fan 6 oant 10 jier krije dêr in brede muzikale oplieding yn koarsang, gehoartraining, muzykteory en pianoles. Fanôf 9 jier meie se mei op toernees troch Europa. De dirigint siket dan de jonges út dy’t meigean.

Doe’t ik freege wat se fan de akoestyk yn ús Martinytsjerke fûnen seinen se dat ik wol goed wie, mar de St. Pieter yn Rome dochs noch moaier wie. Ja, dêr kinne we net tsjin op fansels.

jongeskoar 3Moandeitemoarn 3 nov. ha de gastâlders ôfskie nommen fan de jonges en binne we op besite west by trije moderne boerebedriuwen yn ús doarp. By fam. Kuiper, De Jong en Bouma waarden we gastfrij ûntfongen.

De boeren en boerinnen ha entûsjast oer harren bedriuwen ferteld. Foar de jonges in hiele erfaring. Tuskentroch waard der omraak gebrûk makke fan it fuotbalfjild fan SDS. Moai om te sjen hoe’t se allegear achter de bal oandraafden. Ek de dirigint die mei .

jongeskoar 4Nei noch in waarm miel iten yn de Skoalleseize wie it tiid om wer ôf te setten nei Burgum.

Ruben, de dirigint, sei dat hy graach wer ris komme wol. No wa wit?

Gr. Folkje