Jongerein út Easterein, Itens en Kubaard spylje Bern Boppe

Bern BoppeOp 4 april 2015 om  19.15 oere spylje bern út Easterein, Itens en Kubaard it stik Bern Boppe yn Noflik Easterein.
Jongereintoaniel Fuort mar Los spilet de ienakter Bern Boppe mei teksten fan de spilers sels en basearre op in stik fan Jan Hager. It toanielstik spilet him ôf yn 2025 en de wrâld sjocht der dan hiel oars út as no. Bern binne de baas! En wêrom? Hiel ienfâldich: as bern de baas binne, giet it allegearre in stik better! Bern fiede harren âlders op: op tiid op bêd gean, kluskes yn hûs dwaan en húswurk meitsje. En bern dy’t gjin âlders krije kinne? Dy kinne in heit as mem adoptearje!
It stik is geskikt foar bern en folwoeksenen. It is wol hiel wichtich dat folwoeksenen begelieden wurde troch ien as mear bern.
De tagong is €2,50 foar bern en €5,00 foar folwoeksenen. De kassa is in heal oere foar de foarstelling iepen.
Fan tefoaren reservearje wurdt oanret, want der binne mar in beheind oantal kaarten en fol is fol! Reservearje kin fia: baukje57dejong@hotmail.com

Oant 4 april, mei groetnis fan Jongereintoaniel Fuort mar los,
Akke Veldman