
Ima Algra yn it dekor van Hjoed. Sy presintearret it nijs fan 4 april 2025. (Fotograaf: Siebolt Bouma)
Op 24 maart hawwe de jongerein fan toanielferiening Fuort mar los opnamen makke by Omrop Fryslân. Wibo Grimmius fan Omrop Fryslân hat earst wat útlein oer de rezjykeamer, de autocue en de opnamestudio’s. Dêrnei gienen de jongerein sels de studio yn. De opnamen binne te sjen tidens it toanielstik Bern Boppe. Dit toanielstik spilet him ôf yn de takomst as bern de baas binne. Benijd hoe’t de wrâld der op 4 april 2025 út sjocht?
It toanielstik Bern Boppe wurdt spile op sneon 4 april 2015 om 19.15 yn Noflik Easterein. De tagong is €2,50 foar bern en €5,00 foar folwoeksenen. De kassa is in heal oere foar de foarstelling iepen. Fan tefoaren reservearje wurdt oanret, want der binne mar in beheind oantal kaarten en fol is fol! Reservearje kin fia: baukje57dejong@hotmail.com.
Oant 4 april!