Jongerein spilet ‘Eelkje’s net te leauwen yllúzjenaasjes’

LOGO JONGEREIN TOANIELPrimeur en premiêre: jongerein fan toanielferiening Fuort mar los spilet op 5 april harren  alderearste toanielfoarstelling yn Noflik Easterein. Trettjin jongeren tusken de 12 en 18 jier ôfkomstich út Easterein, Hinnaard, Itens, Rien en Kûbaard spylje ûnmooglike, spannende en net te leauwen sênes.

It toanielstik giet oer Eelkje. Eelkje sit mei har heit en mem yn de wachtkeamer by de dokter, omdat Eelkje yllúzjenaasjes hat. Heit en mem kinne it eins net útlizze, dus docht Eelkje it sels. Út har ferhalen komme in tal yllúzjenaasjes nei foaren, dy’t it publyk te sjen krijt. De dokter fynt it in ynteressant gefal, neffens har is der neat bard en bestean de yllúzjenaasjes allinne mar yn de fantasy fan Eelkje en har âlders. Hat de dokter gelyk as kin nimmen – ek it publyk net – ûntsnappe oan Eelkje’s net te leauwen yllúzjenaasjes?

Útfiering: 5 april 2014 om 19.30 oere yn Noflik Easterein

Kaarten kostje  € 5,- foar folwoeksenen en € 2,50 foar bern

Ynformaasje oer de foarferkeap fan de kaarten folget binnenkoart