Jonge toanielspilers socht!

Op 7 oktober begjint it jongereintoaniel fan Fuort mar los mei de repetysjes foar it toanielstik Romke + Jeltsje. Romke + Jeltsje is it meast bekende leafdesdrama fan de hiele wrâld. It stik is humoristysk en romantysk én miskien moasto sels wol trienwetterie.

Wolsto meispylje? Meld dy dan oan by Akke Veldman: akke.veldman@ziggo.nl. Jongerein tusken de 11 en 18 jier kinne harren opjaan. Meidwaan kostet mar €10,00. Praatsto gjin Frysk? Dat is gjin probleem! Wy helpe dy wol mei de Fryske tekst en dus kinsto gewoan meidwaan.

We repetearje elke woansdei fan 18.30 oant 20.00 yn ‘e toanielseal fan Noflik Easterein. De útfiering fan Romke + Jeltsje is yn febrewaris 2016.

Oant 7 oktober!

Akke Veldmanromke+jeltsje