Op de 4e woansdei fan july is de 15e edysje fan de Jong-Feintepartij, de spesjale KNKB
ôfdielingswedstriid foar junioaren fan 17 oant en mei 21 jier.
Woansdei 24 july 2019 giet it om 10.00 oere hinne en moandei 22 july 2019 is de lotting fan
de wedstriid om 20.00 oere yn it
ferieningsgebou op sportpark “De Skoalleseize”.
Dizze wedstriid seach yn 2005 it ljocht en sûnt doe wurdt der elk jier striden om de “Sulveren Leest”. Dizze unike wikselpriis wurdt beskikber stelt troch Jan Hiemstra út Frjentsjer (âld ynwenner fan Easterein en skriuwer fan ús jubileumboeken “Bûkelje en boppeslaan” en “Fol Faasje Fierder”). De 14e edysje, yn 2018 is wûn troch Berltsum mei André van Dellen, Patrick Nauta en Patrick van Dellen.
K.F. Easterein wol mei dizze
keatspartij in brêge slaan tusken de jonges- en de senioarenkategory. Yn oerlis
mei de KNKB kaam Easterein út by de kategory junioaren, omdat der nei de Freule yn
Wommels nei de jongeskategory in protte jonge keatsers ôfheakje, wat it
KNKB-keatsen oangiet. Al jierren wrakselje it KNKB en de ferieningen mei dit
fraachstik.
Der is keazen foar in
ôfdielingswedstriid om op dizze wize de measte keatsers út te daagjen de
tinkbyldige keatswant op te pakken en it plak fan wenjen te fertsjinwurdigjen.
Wy hoopje fan herte dat de jonges keatsen bliuwe en
harren karriêre trochsette by de junioaren. Elke feriening mei meardere
partoeren ôffurdigje en der meie ek jonges- en/of skoaljonges meidwaan. As hja
mar by de stuiten wei kinne!
Neist de wikselpriis de
‘Sulveren Leest’ binne der prizen yn de foarm fan sulveren keatsballen en in
slúf mei priisjild. Al mei al in prizepot fan sa’n € 3.800,-!
Wy winskje alle keatsers alfêst in protte sukses en alle oare belangstellenden in prachtige keatsdei ta op dizze Jong-Feintepartij yn Easterein!
Sjoch foar alle winners en ferslaggen fan de ôfrûne jierren op de webside fan KF Easterein.