Jong-Feintepartij – 22 july 2015 – 11e edysje!

– ynstjoerd troch KF Easterein – Schermafbeelding 2015-07-06 om 23.59.24

Op de 4e woansdei fan july is de 11e edysje fan de Jong-Feintepartij, de spesjale KNKB ôfdielingswedstriid foar junioaren fan 17 oant en mei 21 jier.

Woansdei 22 july 2015 giet it om 10.00 oere hinne en moandei 20 july 2015 is de lotting fan de wedstriid om 20.00 oere yn it ferieningsgebou op sportpark “De Skoalleseize”.

Dizze wedstriid seach yn 2005 it ljocht en sûnt doe wurd der elk jier striden om de “Sulveren Leest”. Dizze unike wikselpriis wurd beskikber stelt troch Jan Hiemstra út Frjentsjer (âld ynwenner fan Easterein en skriuwer fan ús jubileumboeken “Bûkelje en boppeslaan” en “Fol Faasje Fierder”). De lustrum edysje, de 10e edysje, yn 2014 is wûn troch Seisbierrum-Pietersbierum mei Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Jelte Visser.

K.F. Easterein wol mei dizze keatspartij in brêge slaan tusken de jonges- en de senioarenkategory. Yn oerlis mei de KNKB kaam Easterein út by de kategory junioaren, omdat der nei de Freule yn Wommels nei de jongeskategory in protte jonge keatsers ôfheakje, wat it KNKB-keatsen oangiet. Al jierren wrakselje it KNKB en de ferienings mei dit fraachstik.

Der is keazen foar in ôfdielingswedstriid om op dizze wize de measte keatsers út te daagjen de tinkbyldige keatswant op te pakken en it plak fan wenjen te fertsjinwurdigjen.

Wy hoopje fan herte dat de jonges keatsen bliuwe en harren karriêre trochsette by de junioaren. As je as lêste jiers jonge op de Freule yn Wommels stien ha dan witte je no dat je noch fiif jier nei Easterein ta kinne foar de Jong-Feintepartij. Elke feriening mei meardere partoeren ôffeardigje en der meie ek jonges- en/of skoaljonges meidwaan. As hja mar by de stuiten weikinne!

Neist de wikselpriis de ‘Sulveren Leest’ binne der prizen yn de foarm fan sulveren keatsballen en in slúf mei prizenjild. Al mei al in prizenpot fan sa’n € 2.000,-!

Wy winskje alle keatsers alfêst in protte sukses en alle oare belangstellenden in prachtige keatsdei ta op dizze Jong-Feintepartij yn Easterein!
 

Sjoch foar alle winners en ferslaggen fan de ôfrûne jierren op ús webside: www.kfeasterein.nl