Jong-Feinte partij – 13 july 2024 – 19e edysje!

Sneon 13 july wurdt foar de 19e kear de Jong-Feinte partij ferkeatst op sportpark De Skoalleseize yn Easterein. Dizze KNKB-ôfdielingswedstriid is destiids spesjaal oprjochte foar junioaren fan 17 oant en mei 21 jier. Fan 10.00 oere ôf giet it hinne en eltsenien is fan herte wolkom. De tagong is fergees, der is in springkessen foar de bern en middeis spilet der muzyk foar in gesellige neisit!

De “jong feinten” út hiel Fryslân sille 13 july stride om de ‘Sulveren Leest’. Dizze unike wikselpriis wurdt al jierren beskikber steld troch Jan Hiemstra út Frjentsjer; âld ynwenner fan Easterein en skriuwer fan ús jubileumboeken “Bûkelje en boppeslaan” en “Fol Faasje Fierder”. Neist de wikselpriis, de ‘Sulveren Leest’ binne der prizen yn de foarm fan sulveren keatsballen en in slúf mei priisjild. Al mei al in prizepot fan sa’n € 4.000,-! De 18e edysje foarich jier is wûn troch Dronryp 1 mei de keatsers Jorrit Nanninga, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma.

In brêge slaan nei de senioaren

K.F. Easterein wol mei dizze keatspartij in brêge slaan tusken de jonges- en de senioarekategory. Want nei de Freule yn Wommels, nei de jongeskategory, heakje in protte jonge keatsers ôf wat it KNKB-keatsen oangiet. Der is keazen foar in ôfdielingswedstriid om op dizze wize de measte keatsers út te daagjen de keatswant op te pakken en it plak fan wenjen te fertsjintwurdigjen.

Wy hoopje dan ek fan herte dat de jonges keatsen bliuwe en harren karriêre trochsette by de junioaren. Elke feriening mei meardere partoeren ôffeardigje en der meie ek jonges- en/of skoaljonges meidwaan. As hja mar by de stuiten wei kinne!

Wy winskje alle keatsers alfêst in protte súkses en alle oare belangstellenden in prachtige keatsdei ta op dizze Jong-Feinte partij yn Easterein!

Sjoch foar alle winners en ferslaggen fan de ôfrûne jierren op ús webside: www.kfeasterein.nl