Johannes Huitema fynt 1e ljipaai Easterein

Johannes Huitema hat op 27 maart it 1e ljipaai fan Easterein fûn. Op de bouw fan Hendrik de Jong oan de Wommelserdyk fûn hy om 18.49 it aaike. Hjirmei is it iepen gebied fan de fûgelwacht slúten. De jeugd mei noch wol trochsykje. It stikje bouw fan Bonnema op de pôle is jeugdkrite.