Jiergearkomste fan de Feriening fan Doarpsbelang “Hâld Faesje” te Easterein op woansdei 4 april 2012 om 20.00 oere by Noflik Easterein
De feriening fan doarpsbelang “Hâld Faesje” noeget elkenien út om de jiergearkomste by te wenjen.
WURKLIST
1. Iepening.
2. Meidielings.
3. Notulen fan de jiergearkomste fan 26 april 2011.
4. Finansjeel ferslach: Jierrekken 2011.
5. Ferslach fan de kaskommisje: Jaap Hoekstra en Hitsje de Boer
Ofgeand lid fan de kaskommisje: Jaap Hoekstra. Tagelyk wurdt der in nij lid foar de kaskommisje beneamd.
6. Jierferslach 2011-2012
7. Bestjoerswiksel:
Gerlof Gerlofsma is ein 2011 stoppe mei de funksje fan ponghâlder, Akke de Boer-Tiemersma hat syn funksje 1 jannewaris 2012 oernommen.
Ofgeand en net werkiesber: Tineke Meijer
Jan Jetze Brouwer is ree fûn in sit te nimmen yn it bestjoer. It bestjoer stelt him foar as kandidaat. Neffens de statuten kinne tsjinkandidaten oant 24 oeren foar de gearkomste skriftlik oanmelden wurde.
8. Skoft mei ferlotting.
9. Greet Bouma fersoarget foar stipepunt WenZ kompûterlessen yn Easterein, sy fertelt it ien en oar oer har wurksumheden.
10. Silvia Hania makket ús paadwiis yn de wrâld fan de Sosjale Media.
11. Rûnfraach.
12. Sluting.
Alle ynwenners fan Easterein binne wolkom !!!
(ek net-leden)
Oant sjen op woansdei 4 april by Noflik Easterein.
Mei freonlike groetnis,
Doarpsbelang “Hâld Faesje”
Tineke Meijer, Grietje Jorritsma-Strikwerda, Hendrik Okkema, Silvia Hania, Marcel Janssen, Akke de Boer-Tiemersma en Greet Jorritsma