Jiergearkomst Oranje en Heitelân

Kommende freedtejûn hat de oranjeferiening “Oranje en Heitelân” wer har jierlikse jiergearkomst. Op dizze jûn hat elts ynspraak oer de organisaasje en ynhâld fan de feesten en kin men it ôftredend bestjoerslid tank size foar syn ûnberonge ynset. Dit kear jout de foarsitter Sam Petra it stokje oer oan de nije foarsitter Boudewijn Kramer en komt Ruurd Overwijk moglik nij yn it bestjoer. It fjirdere programma sjocht der sa ût:

 

Oranjeferiening “Oranje en Heitelân”

noeget jimme fan herte út foar de

  

LEDEGEARKOMSTE

 op

freed 7 febrewaris 2014

jûns om 20:30 oere yn “De Skoalleseize”

  1. Iepening troch de foarsitter
  2. Notulen fan de foarige ledegearkomste
  3. Jierferslach oer 2013
  4. Finansjeel ferslach oer 2013 + Begrutting 2014
  5. Ferslach kaskommisje (Klaas Kamstra en Geert Couperus) +   beneaming nije kaskommisje 

SKOFT

  1. Bestjoersmutaasjes:      ôftredend:       Sam Petra
    foardroegen: Ruurd Overwijk
  2. Tiid foar:
  • Oanpassing feestprogramma
  • Foto’s + dvd jubileum doarpsfeesten
  • Ferheging minimum leeftiid ferkeap alkohol nei 18 jier
  • Keningsdei sneon 26 april 2014
  • Yntekenlist DVD bûntejûn op de ledegearkomste of fia www.easterein.nl
  1. Rûnfraach

9.Sluting

Oant sjen! Groetnis, de Oranjeferiening
Sam, Boudewijn, Marco, Theo, Feike, Abe-Jan, Elly, Tineke en Gea