Bêste minsken,
Hjirby wolle wy jimme fan herte útnoegje foar de ledegearkomste fan Keatsferiening
Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen.
De gearkomste sil plakfine op woansdei 23 maart 2022 om 20.00 oere yn “De Skoalleseize”.
Wurklist:
- Iepening
- Meidielings en ynkommen stikken
- Oantekens fan de ledegearkomste op 19 maaie 2021
- Finansjeel ferslach:
-rekken 2021
-begrutting 2022 - Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid
- Presintaasje jierferslach 2021
- Skoft
- Bestjoersferkiezing:
Oftredend Dirk-Yde Sjaarda, foarsitter haadbestjoer
Foardracht fakant
Oftredend Chris Hoekstra, foarsitter jongereinkommisje
Foardracht fakant
Oftredend Sjouke Schilstra, fjilden- en materialen
Foardracht fakant
Oftredend Ids de Boer, ponghâlder
Foardracht fakant - Stikken KNKB-gearkomste op 31 maart 2022
- Punten fan út it bestjoer, ûnder oare:
- ôfskied kommisjeleden
- fakatueres: stân fan saken
- punten fanút foarjiersgearkomste Federaasje Snits e.o.
- ûntwikkelings sportkompleks “De Skoalleseize”
- KF-jûn mei Foppe de Haan op freed 22 april
- 11 Wedstriidaginda 2022
- 12 Omfreegjen
- 13 Slúting
Graach oant sjen op 23 maart!
Bestjoer Keatsferiening Easterein