Jelmer Couperus hat in moaie hobby!

(troch Yvonne van Beem)

jelmer1Sneon 21 septimber wie yn Wommels de jierlikse ringriderij fan de Donia’s. Hjir diene ferskate Eastereiners oan mei (sjoch op www.donias.nl foar de útslach). Wa my drekt opfoel wie Jelmer Couperus mei syn Welshponys. Ek al haw je gjin ferstân fan hynders dan sjogge noch wol dat dit in bysûnder span is. Nijsgjirrich as ik bin woe ik der wol wat mear fan witte. Hoe komme oan san hobby en werom rydt je der bygelyks net gewoan op? Tiid foar in petearke.

Hoe is it eins begûn?

Jelmer: “Doe ik in jier as 12 wie like it ús wol leuk om in pony op ús kampke lân del te setten en te beriden. Mei myn sussen riden we der om de beurten wol op. Dat wie gewoan leuk, mear net.  In skoftke letter kaam der noch in pony  by en de folgende stap wie in ponykar. Ik wie wol úthobbele op de shetlandpony’s en it mennen giet dôchs wer oars. Sa komt fan it ien it oar.  Nei de Shetlanders woe ik wol in wat grutter pony en sa kaam de hynst (Giel) by ús.  In machtich moai beestje mei in goede kop. It doel wie om der noch san by te finen en dan sy tegearre yn it span foar de karre mar dat is net slagge. It blykte tige lêstich te wêze om noch krekt san pony te finen”.

Twaspan topspan?

Begin augustus fan dit jier hat Jelmer in twaspan fûn wer it wol goed mei klikte. De hynders ha hiel heech riden (ZZ foar de hynstekenners). Syn doel is om der “samengestelde”wedstriden mei te riden. Dit hâldt yn dat je in dressuurproef, menne en in maratonproef dwaan moatte. As je dat goed dogge kinne je winstpunten byinoar ride. By in bepaald oantal winstpunten geane je nei de folgde klasse (je begjinne by 1 en 4 is heechste (ynternationale nivo).  Tryntsje Hofstee sil besykje om mei Jelmer yn de karre mei te dwaan oan de wedstriid, mogelik begjin 2014.

 

jelmer2

En de hynst? Giel is in goedkeurde hynst, in hynst mei papieren en wurdt no brûkt foar it dekken.  De merries komme út hiel Nederlân en sommige komme dan sels efkes útfanhûs.  Om de hynst yn goede kondysje te hâlden  stiet dizze sa no en dan ek foar de karre.

Soad tiid

Mei de fiif pony’s op it hiem kost dizze hobby fansels in soad tiid. Jelmer : “Eltse dei bin ik hast wol twa oeren dwaande mei it fuorjen, it skjinmeitsjen fan de boxen en fansels ek it riden mei de kar. Simmers yn it lân as de âld dyk om en yn de wintermoanne haw ik noch les yn Frjentsjer om de kneepkes fan it mennen ûnder de knibbel te krijen.”

Takomst

“Earst wol ik graach mei it twaspan wedstriden riden en miskien letter oait noch wolris mei in  fjouwer-span “. Mar Jelmer sjocht it net sitten om syn berop derfan te meitsjen, sels op it heechste nivo binne je ôfhanklik fan sponsoring. Wat hy dan wol wurde wol wit er noch net,  earst de Havo mar ris ôfmeitsje.

jelmer3