De winter wie feninich, mar it is no echt maitiid. En krekt op dit stuit ferhuzet Jelle de Boer fan natuergebiet ‘Skrok’ by Easterein nei Wommels. De Boer hat sa’n sechstich jier yn dit gebiet wenne. De lêste tritich jier as behearder foar Natuurmonumenten. It natuergebiet is ûntstien by de ruilferkaveling fan 1982/83 en no 105 hektare grut. It is noch altyd âld-kultuerhistoarysk lân mei wiete greppels en de karakteristike ûnregelmjittige blok-ferkaveling. De lêste tritich jier is der net folle oan it lân feroare. It is der wol wat wieter wurden. “Mar ek wer net te folle, want der moat ek in blommeryk produkt groeie kinne. Minsken tinke wolris, ach natuerlân dat rêdt him wol, dêr hoege jo net ècht oan te wurkjen. Mar sa is it net.”
Meane wurdt net earder as nei 15 juny dien. Of noch letter. “We passe hjir in strang rezjym ta: net meane as der noch fûgels sitte. Dat betsjut dat it ek faak nei 1 july pas kin. De fûgels moatte der perfoarst earst út wêze. As jo troch it meanen de biotoop feroarje, ferlieze jo de slach. Sels as jo goed rekken hâlde mei de fûgels, want predatoaren witte dan krekt wêr’t se wêze moatte”.
De ferhuzing fan de pleats nei it doarp betsjut net dat De Boer net mear op Skrok te finen is. “As frijwilliger sil ik hjir noch in soad omslaan, ek yn de takomst. We telle hjir bygelyks ek meardere kearen mei in ploechje de fûgels. Ferline jier gie it hjir wer goed, benammen mei de skriezen en ik bin ek wol wer optimistysk foar dit jier. It komt goed!”
(Bron: Omrop Fryslan)