Jaap van de Velde is Frysk kampioen FAC-1600 klasse

Op it racecircuit fan de FAC yn Wolsum is Jaap van der Velde hjoed 11 juny 2017 Frysk kampioen wurden yn de FAC-1600 klasse. Yn de manches wie der al 2 keer earste en ien kear tredde. Troch dy moaie resultaten mocht er yn de  finale op de earste startrij starte. Fan de earste ronde ôf oant de lêste hat er oan de lieding riden, en waard er dus Frysk kampioen.

Sûnt Jaap syn rydbewys hat crosst Jaap al en hy hat yn hast  alle klassen fan de autocross wol mei dien. Sa hat er der oant in jier werom yn de keningsklasse fan de autocross riden, de Stockcar F1. Hjir hat er sjen litten dat er net allinich in tûke coureur is mar dat der it spul ek goed foar elkoar hat. Mar om dat allegear foar elkoar te hawwen en te hâlden kost in protte tiid. Dêrom hat Jaap der foar keazen om wer werom te gean nei it crossen mei standaardauto’s, de FAC 1600. Dit kostet him minder tiid, mar ek hjir hat hy de spullen goed foar elkoar, wint hy de leste 2 finales, en docht er dêrtroch goede saken foar it clubkampioenskip. Op 2 july sil er wer de man wêze dy’t elkenien graach ferslaan wol.