Yn it neijier fan 2017 hat de Ondernemersvereniging Wommels Easterein der mei ynstimd dat der in ûndernimmersfûns komt. Dat betsjut dat der jild beskikber is foar akitiviteiten dy’t in mienskiplik doel hawwe foar de ûndernimmers en de omjouwing fan it winkelsintrum en bedriuweterrein. Tink dan bygelyks oan parkmanagement, befeiliging, feestlike aktiviteiten, glêstried of sponsoring fan lokale aksjes en eveneminten. It giet net om yndividuele sponsoringen. Foar Easterein is 5.000 euro beskikber, foar wommels 16.000 euro. Hoe’t it krekt wurket, kinne jo lêze yn it dokumint fan de OVWE. Oanfragen moatte yntsjinne wurde foar 21 maaie 2018.
info ondernemersfonds.aanvragen