It is safier: iisbanen Rien & Wommels iepen!

De iisflieren bin troch dit moaie winterske waar eindelijk werris dik genôch dus de redens kin út it fet! Sawol de iisbanen fan Rien as Wommels iepenje jún harren stekken.

De iisbaan yn Rien is fannejún iepen foar leden en minsken die graach lid wurde wolle.

De iisbaan yn Wommels gjit fannejún fanôf 18.30 oere iepen. Let op: de baan is allinich iepen foar leden en it is wichtig dat eltsenien fan te foaren in sûnenstsjek ynfult! Sjuch foar mear ynformaasje oer de iepeningstiiden en regels omtrent Covid-19 op https://schaatseninwommels.nl/