It asfalt is oanbrocht! (MFT)

MFT 2-4It giet as it spoar by it nije Multyfunksjoneel terrein. Moandei 18 july is de oannimmer begûn mei de oanlis fan it asfalt. Sawol it grutte terrein as de tagongswei nei de famylje Hoekstra. Dit is tiisdei trochsetten en woansdei lei der in prachtige grutte plaat asfalt.

[imagebrowser id=11]

Noch mear foto’s

De lytse jongerein wit it terrein al te finen en ha it efkes út probearre op harren fytskes. No ha guon fan dizze ‘mannen’ ek as frijwilliger holpen by it fuortheljen fan struken, dat se mochten wol efkes ride.

Sa it no liket kin it nije terrein takom wike woansdei yn gebrûk naam wurde.
We ha dan de grutte Jong-Feintepartij yn Easterein en dan kin daliks ien fan de funksjes brûkt wurde, it parkearen.

De oannimmer is no drok dwaande mei de ôfwurking fan en om it terrein. Yn en nei de boufak sil der wer in kloft frijwilligers oan de slach om it lytse parkearterrein foar de yngong fan de Skoalleseize oan te pakken. It gehiel wurdt op nij ynrjochte en bestraten wêrby de beamen stean bliuwe.

We hâlde jimme op de hichte.

Wurkgroep MFT