In machtich moai spultsje!

(troch Yvonne van Beem)

stoffel bouma 1

Stoffel Bouma is klupkampioen Frysk damjen wurden. In prestaasje fan formaat as je witte dat de beste dammer fan Fryslân ek by dyselde klup spilet (red. Teake Kooistra). Je binne kampioen as je de measte punten helle ha út 20 partijen.  Tiid foar in petearke.

Ik moat bekinne dat myn kennis oangeande it dammen tige beheind is. Wit wol dat by it Fryske damjen oars slein wurde mei dan by Hollânsk damjen mar hoe is my net dúdlik. Nei dit oan Stoffel fertelt  te hawwen en dernei te begjinnen oer de Stadige Strikers (de konkurrint) kinne je wol sprekke fan net in al te beste binnenkomst mar Stoffel mei graach fertelle oer it spul en dit gebrek oan kennis wurdt  my dus wol ferjûn.

 

Hoe sit it ek alwer mei Frysk damjen?

It ferskil tusken Frysk damjen en Hollânsk damjen sit em yn it feit dat je by it Frysk damjen ek horizontaal  en fertikaal slaan meie. Wer it op del komt is dat je dus alle kanten út slaan meie! By it Hollânsk damje mei je allinne diagonaal slaan. Je soene sizze dat de houtsjes fan it boerd ôf fleane mar de keunst is fansels om dat safolle mooglik foar te kommen.  De hassers moat der goed by brûkt wurde.  Ik lear ek noch dat de lange hoeke altyd links moat….(alle hoeken binne dochs  like grut by in fjouwerkant prebearre ik noch) mar  de lange hoeke moat links oars kloppet it boerd net.  Der wurdt ek wol snel Frysk damt, dan haw beide spilers mar tsien minuten op de klok en in oare fariant is damje mei fyf houtsjes.

 

Fan jongsôf

“Fanôf myn tolfde bin ik al oan it Frysk damjen en fyn it noch hieltiid moai wurk”, fertelt Stoffel. Eltse moandeitejûn yn de wintermoannen op de fyts nei Hartwert . We spylje op in jûn ien partij. In taktyk hat Stoffel net, hy is ek net fan de teory, gewoan it gefoel folgje en miskien prebearre de tsjinstander  fan de wize te bringen mei in grapke as oars wat en dan mar sjen hoe as de party rint. It damjen is ek in sosjaal gebeuren, it is altyd tige gesellich.  Ien fan de hichtepunten fan it seizoen binne de klupkampioenskappen yn Easterein. San 150 dammers komme dan byinoar. We spylje dan yn teamferbân tsjin elkoar. In prachtige dei is dat altyd.

 

stoffel bouma 2Damboerd yn de tûn

It damboerd yn de foartún seit wol iets oar de leafde foar de sport. Makkest der noch wolris gebrûk fan? Nee eins net, yn it begjin spile ik noch wol tsjin de postboade. Hy sette eltse dei in houtsje mar ik hie gau yn de gaten dat it om it Hollânske spultsje gong en ja der dan ha ik dôchs minder nocht oan.

Mannensport?

Wat my opfalt is dat it wol wat in âlde mannen sport oan it wurden is. Hoe kin dat? Werom dogge der bygelyks gjin froulju mei? Stoffel tinkt dat wy der wat minder goed yn binne, yn tinksporten en dat we derom der net oan mei dogge.  Ik, Yvonne,  tink dat wy hjir just te slim foar binne! Wa wol no, frijwillich maksimaal 3 oeren nei in boerd mei fakjes sjen, sa no en dan in damhoutsje fersette en mar hoapje dat de tsjinstander in foutsje makket. Wy bestede ús tiid leaver oan oare nuttige saken……

Alle gekheid op in houtsje, ik fyn it moai om te hearren dat Stoffel sa oer syn sport prate kin, de wille spat derôf.  Neist Stoffel binne Germ Terpstra, Ids Boersma en Fedde Wiersma ek lid fan de damklup Hartwert e.o..

 

Skriuwer

Oer de kompetysjejûnen yn Hartwert skriuwt Stoffel al 25 jier in stikje foar de Boalserter krante, dit is tige nijsgjirrich om te lêzen en giet oer fanalles wat der op de klup foarfalt en dat is net allinne damjen. Ek sit Stoffel yn de einredaksje fan it krantsje fan de Dambûn Frysk Spul wat fjouwer kear yn jier ferskynt.  Wa wit komt der yn it nije damseizoen ek wolris in stikje op Easterein.nl.

 

As je mear witte wolle oer it damjen sjoch dan ek ris op www.friesdammen.nl

 stoffel bouma 3