Noch mar in pear moanne en dan is de gemeente Littenseradiel der net mear. Op 1 jannewaris 2018 wurdt ús gemeente opsplitst yn trije dielen. Fyftjin doarpen geane nei Súdwest-Fryslân, tsien nei de gemeente Ljouwert en fjouwer nei de nije gemeente Waadhoeke. Wy moatte der noch wol even oan wenne. Dêrom ha wy boargemaster Johanneke Liemburg frege werom te sjen op de 34 jier dat dizze gemeente bestien hat, mar ek foarút te sjen. Hoe wie it en hoe sil it wurde? Wy hoopje op in noflik petear.
It sil wêze op 2 novimber 2018 yn De Wjukken te Mantgum, fan 14 oant 16 oere.
Jo komst graach yn’t foar efkes oanmelde by de siktaris fan it SPL. Dat kin fia 058-2501303 of info@seniorenlittenseradiel.nl. De kosten binne € 5,00 en dêr is de kofje en/of tee by ynbegrepen.