Imke van der Leest wint frouljus PC

Imke van der Leest wûn juster mei Sjanet Wijnia en Louise Krol de PC foar froulju. Yn de finale wiene se mei 5-2 6-4 te sterk foar Marije van der Meer, Klasine Huistra en Annelien Broersma. Earder op de dei hiene se it yn it foar favorite partoer fan  Ilse Tuinenga, Manon Scheepstra en Wiljo Sijbrandy al ferslein yn de twadde omloop. It is foar Imke de tredde kear dat se de PC wûn hat. Earder die se dat al yn 2007 en 2012.

Lokwinske Imke, Sjanet en Louise!

Lês mear oer de dei op de site fan KF Easterein.