Op freed 17 juni 2011 binne de fernijde boarterstunen fan Easterein iepene. Alle bern wiene útnoege en it wie in grut festijn! Fianne Dijkstra mocht as jongste learling fan skoalle De Foareker it lintsje trochknippe. Dêrnei draafden alle bern nei de tún yn. [singlepic id=58 w=320 h=240 float=right]
Ien foar ien krigen de bern in kaartsje dêr’t se harren namme en leeftyd op sette moasten. By in oar túnhekje krigen se mei dat kaartsje in ballon. En fansels giene al dy ballonnen tagelyk de loft yn. Al wiene der in pear dy’t wat earder fuort giene nei bestimming ûnbekend.
Wy binne benijd wêr’t al dy ballonnen bedarje en fan wa’t de ballon it fierste komt! Fansels sille wy ek dat op de site bekend meitsje. Nei de ballonnen krigen alle bern noch in ysko en in moai kadootsje foar thús.
De frijwilligers fan de boarterstunekommisje en in grut tal oare minsken hawwe harren tige ynset foar dizze nije tastellen. Tige tank! Ek oan alle sponsoren dy’t dit mooglik makke hawwe!
[imagebrowser id=7]