- Algemien ‘parseberjocht’
- Ynformaasje foar de Agenda rubryk
Rijksbouwmeester van Alkemade:
‘De stad kan niet bestaan zonder het ommeland’.
Ynstjoerd nei info@easterein.nl
Van Alkemade sprekt woansdei 27 novimber
jûn 19.30 oere by de iepenbiere temajûn yn it Dielshús fan Wommels. It giet dan
ûnder oare oer de ynrjochting fan ús lânskip en gebrûk fan ús grûn.
Rijksbouwmeester Floris van Alkemade is
bekend fan de ‘New Deal tusken Boeren en
Mienskip’. Hy nimt dêrby in earlik ynkommen foar boeren, in sûne boaiem en in
oantreklik lânskip as útgongspunt.
De twadde sprekker is Theo Mulder. Syn
boadskip is ‘Boerderijen binne de apoteken
fan de takomst’. Hy leit ek de relaasje tusken sûne grûn, sûn iten en de
sûnens fan minsk, plant en bist.
Nei beide sprekkers is der diskusje en
kinne der fragen steld wurde oan in foarum dat foarme wurdt troch beide
sprekkers en arzitekt Nynke Rixt Jukema ek bekend fan it projekt ‘Feel the
Night’. Gerben Gerbrandy, ûnder oare 1e Keamerlid en bestjoerfoarsitter
fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân, is gesprekslieder.
De Temajûn begjint om 19.30 oere. De
organisaasje is yn hannen fan FNP Súdwest-Fryslân.
Foar de Agendarubryk:
Temajûn ‘New deal tusken Boeren en Mienskip’.
Woansdei 27 novimber 2019 | 19.30 oere
Dielshús Wommels
Eltsenien is wolkom