Op snein 24 novimber organisearret de mûnestifting Sûdwest-Fryslan de pleatselijke mûnedei. 25 mûnes yn Sûdwest-Fryslân iepenje dan harren doarren. Ek ús eigen poldermûne Rispens is fan 11.00 oent 16.00 oere iepen. Mûner Ruurd Jacob Nauta wol jim dan alles fertelle oer dizze prachtige mûne ûnder it genot fan waarme poeiermolke en in stikje krúdcake. (op=op)