Huite en Andrea winne dea-aas-fiskwedstriid fûgelwacht

Huite en Andrea fan team Andrea hawwe juster tidens de 1ste dea-aas-fiskwedstriid fan de fûgelwacht Easterein de earste priis wûn foar it fangen fan de grutste fisk. De mjitstok joech by harren snoek in goeie 80 cm oan.Team MRW mei de topfiskers Marco, Renee en Watse hiene de earste priis foar de measte fisk. Watse hie in snoekje fan goed 60 cm en Marco fong in tafallich foarby swimmende blaai. De oare teams kamen en gongen mei lege hannen nei hús ta. Lege hannen mar wol mei in grauw liif want de snert en brea mei spek smakke poerbést.

 

WP_20151129_008     WP_20151129_007

WP_20151129_009