Hofsleane wurdt wenryp makke

werk_in_uitvoeringNo’t de lêste wenningen oan de Hofsleane yn Easterein yn it plangebiet “Boomgaard III” boud binne, wurdt de strjitte wenryp makke. Yn maaie wurdt begûn mei de wurksumheden. It giet allinnich om de Hofsleane en dus net om it stik Populiereleane.

Plannen foar Hofsleane

De boustrjitte fan de Hofsleane wurdt net allinne op ‘e nij bestraten; der wurdt ek in fuotpaad lâns de Hofsleane oanlein. Dêrneist wurde der ferkearsremjende maatregels realisearre. Inrichtingstekening Hofsleane Easterein 2015

Mear ynformaasje

It wurk sil útfierd wurde troch Nota Straatmakersbedrijf. Hawwe jo frage oer de útfiering fan dizze wurksumheden, nim dan kontakt op mei de hear R. Jonker fan de ôfdieling Behear fan de gemeente Littenseradiel. Hy is berikber fia tillefoannûmer (0515) 334493 of fia e-mail fia r.jonker@littenseradiel.nl.