Hjerstmearke Wilhelminis ferplaatst nei de Tsjerne

Op freed 2 novimber jout it jeugdkorps de Wilhelmini’s in tige nijsgjirrich konsert û.l.f. Joke Krist yn de Tsjerne te Easterein. Der is tageklyk ek bernedisco foar alle bern fan de basisskoalle. It wurd in jûn mei in musicaal ferhaal. Elkenien docht aktief mei oan dit ferhaal. De jûn begjint om 19.00 oere

Op dizze jûn wurde ek de priiswinners fan de kleurplatenwedstriid bekend makke. Twa prizen foar de ûnderbouw en twa prizen foar de boppebouw

De kleurplaten kinne dizze wike noch ynlevere wurde by Greet Bouma Tsjerkebuorren 33, by Folkje Visser Koaifinne 4 as gewoan by Skoalle.