Himmeldei 2015

 Toppers fan Himmeldei 2015Ofrûne sneon wie de himmeldei yn Easterein. Lokkich genôch wie it tusken 15.30 en 17.00 oere droech. De wyn makke it wol wer kâld.

In pear minuten foar healwei fjouweren wie it noch rêstich op it sammelplak. Mar dan ynienen komme der Senay, Susanna, Anke, Mirthe, Bernou, Janneke, Theunis, Brecht, Jorrit en Nynke. Super! De groepkes en de begelieders wurde ferdield en dan kinne we los.

Mei 2 groepkes yn boaten en 3 groepkes rinnende troch it doarp, hawwe we in protte ôffal sammele. Fan dakgoaten, oant petflessen, fan ferkiezingsboerden oant plastik tassen

Om fiif oere kamen eltsenien werom op de Foarbourren. Der wer elts groepke tocht dat se in protte ôffal fûn hienen, kaam der ynienen it groepke fan Brecht en Nynke mei trije grutte pûden fol ôffal. Wow!

Omdat it kâld wie en om it dochs waarm ôf te sluten, hawwe we de bern ,bij Kim en Hendrik yn de boppeseal, waarme sûkelarjemolke (of limonade) dronken, en wie der foar de begelieders in slokje om wer wat waarm te wurden.

Himmeldei 2015De fûgelwacht Easterein sjocht wer werom op in tige slagge Himmeldei, en wol de bern en begelieders tige betanke foar hun help!