Hiltje Jellema fan Bogerman Wommels troch nei de finale fan FeRstival

Ofrûne freed, de 11de fan de 11de, hat Hiltje Jellema út Easterein grien ljocht krigen fan de FeRstival-sjuery om op 10 desimber mei te dwaan oan de finale fan dizze foardrachtskriich. Mei mear as tweintich earste klassers op it havo-vwo út de westlike helte fan Fryslân hat Hiltje in gedicht foardroegen, yn har gefal ‘Mobyltsje’ fan Pier Bergsma.

Doel fan FeRstival is om de jongerein yn kontakt komme te litten mei Fryske poëzy. By FeRstival giet it derom dat de dielnimmers in gedicht sa moai mooglik foardage. De dielnimmers wurde yndield yn trije kategoryen: Starters (klasse 1), Trochsetters (klasse 2 en 3) en Toppers (klasse 4 en MBU/HBU). In saakkundige sjuery rikt yn alle trije kategoryen in earste, twadde en tredde priis út. It tal dielnimmers per skoalle of ôfdieling fan in skoallemienskip moat foar alle kategoryen beheind wurde ta fiif dielnimmers.