Help fan de pjutten frége

Kommende sneon 30 maaie wol swimbad de Klomp it fernijde pjuttenbad iepenje. Helaas kin dit net trochgean at se gjin help krije fan de pjutten út de omkriten. De leit noch in hiel swier kleed oer it bad en dat moat der ôflutsen wurde. En lit de Eastereinders dér no hiel goed yn wéze. As beleaning krije de pjutten snuobbersguod en limonade en foar de âlders is der kofje as tee. De iepening sil wéze om 10.30 en de tagong is dizze moarn fergees