Beste ynwenners fan Easterein,
Yn juny hawwe we de súksesfolle crowdfundingsaksje hân foar it befarber meitsjen fan de farwegen yn us omjouwing. Yn ‘e tuskentiid ha we mei it Wetterskip om tafel west en mei de oannimmers. Want we moatte én wolle wol foldwaan oan de Flora en Fauna wet. We ha oannimmers utnûge om in priis yn te leverjen. We kin ynmiddels melde dat der oerienstemming is mei leanbedriuw Okkema ut Easterein.
It komt der op del: we kinne los!! Omdat it lân no te wiet is om mei grut materiaal te beriden, ha we besluten om de hekkelbeurt yn 2018 te dwaan. Yn ferban mei de Flora en Fauna Wet sil Leanbedriuw Okkema hjirmei starte nei 15 juny 2018. Sy hawwe tasein dat de fearten foar de boufak fan 2018 hekkele binne. Dan is it dernei oan us as ynwenners om der fan te genieten! Safolle mooglik jim fakânsje ticht bij hus planne om der op ut mei de boat!
Op dit stuit ferdjippje wij us mei de Gemeentes yn ‘e fergunningsoanfragen foar de oanlissteigers. Foar Easterein jildt dat dy yn ‘e buert fan ‘e brêge by Noflik komme sil. We hâlde jim op ‘e hichte fia facebook/wertrochdegreidenfarre.
Mochten jim fragen as ideeën ha dan kinne je terjochte by:
Jelle Bouma en Cor Rijpma (Hidaard), Hans Hettinga (Hartwert) en Catharina Veenstra (Easterein)
wertrochdegreidenfarre@gmail.com