– ynstjoerd troch de blide foarsitter fan damklup Hartwert –
Hartwert (mei de Eastereinders Stoffel Bouma en Fedde Wiersma) hat sneon by de klupkampioenskippen yn it damjen Frysk spul de ferhâldings wer rjochtset. Ferlearen de mannen út it bekende dambolwurk ferline jier noch wat ferrassend fan Aldegea SWF, no lieten se oerdúdlik sjen wa’t de sterkste is. Dat barde yn ‘e tredde en beslissende omloop tsjin de âlde tsjinstanner. De útslach 5.5 tsjin 2,5 joech datoangeande gjin inkelde twifel. It kampioenskip joech namstemear yndruk omdat de Hartwerters it dwaan moasten sûnder de sterke spiler Germ Terpstra, dy’t krektlyn hommels ferstoarn is.
De beide oare klups yn ‘e kampioensklasse, Skearnegoutum en Lollum/Waaksens, kamen der tsjin dy beide damgrutmachten earder op ‘e dei net oan te pas.
Utslaggen klupkampioenskip Frysk damjen 2014
: Aldegea – Lollum 6-2, Hartwert – Skearnegoutum 6,5-1,5; Skearnegoutum – Aldegea 2-6, Lollum – Hartwert 3-5; Lollum – Skearnegoutum 1,5-6,5, Hartwert – Aldegea 5,5-2,5.
Einstân (mei tusken heakjes de buordpunten): Hartwert 3 (17); Aldegea 2 (14,5); Skearnegoutum 1 (10); Lollum 0 (6,5).
Twadde klasse: De Gaastmar – Blauhús 4-4, Hartwert II – Jorwert 5-3; Blauhús – Hartwert II 4-4, Jorwert – De Gaastmar 2-6; Blauhús – Jorwert 2,5-5,5, Hartwert II – De Gaastmar 3-5.
Einstân: De Gaastmar 2,5 (15); Hartwert II 1,5 (12); Blauhús 1 (10,5) (SB: 4); Jorwert 1 (10,5) (SB: 2). By Hartwert II die Ids fan de Gouden Engel mei.