Grof smoargens (grof vuil): efkes opskerpje

– ynstjoerd troch Doarpsbelang Hâld Faesje –

Regelmjittich wurdt der op’ e oprit oan’ e Stittenserleane (neist it tsjerkepaad ) guod by it ‘grof smoargens ‘ fan de bewenner lein. Dat is fansels net de bedoeling. It ‘grof smoargens ‘ dat troch de bewenner melden is by Omrin, wurdt ophelle, de rest bliuwt lizzen. Bern út it doarp geane der somtiden mei boartsjen en verslepe it guod, it bliuwt earne lizzen en sa wurdt ús doarp der net moaier op.

Schermafbeelding 2015-01-05 om 12.44.02Eltsenien dy’t ‘grof smoargens’ hat, kin dat melde by Omrin. Ien kear yn de moanne wurdt it ophelle, jo kinne op de ôffal-kalinder fan Omrin lêze op hokker dagen it ‘grof smoargens’ ophelle wurdt. Moarns kinne jo it guod op jo eigen oprit of hiem lizze en dan wurdt it troch Omrin ophelle.  Boppedat kin eltsenien it sels ek by it stoart yn Boalsert bringe.

Ynwenners fan Easterein, hâld ús doarp moai en skjin !