Greidhoekesnein

Op snein 14 juni komt de greidhoeke yn beweging.

 

De tsjerkedoaren geane wiid iepen.

As tsjerke sille wij yn ús eigen gemeente om 9:30 oere begjinne mei in gebed. Om 10 oere kin eltsenien op syn as har eigen wize de tsjinst yn de greidhoeke fierder fiere.

Sa hoopje wij eigen leeftiidsgenoten te moetsjen en de biening túsken de ferkillende plakken te fersterkjen.

 

Yn Boalsert is der blomskikken yn it Convent. Wa as blomskikke wol moat sels in potsje en as it kin wat grien en blommen mei nimme.

Der is koarkebaljen foar de jongerein fan 12 oan’t 14 jier op it koarkebalfjild yn Boalsert.

Yn Winsum is in sjongtsjinst yn de Anna Tsjerke en yn Jorwert kin der in kuier makke wurde ûnder lieding fan Hinne Wagenaar.

In clown is der foar de bern fan 4 oan’t 11 yn kafé noflik te Easterein. Hij sil de bern keunskes lere. En foar de lytsten, 0 oan’t 4 jier, is dêr berneoppas.

Harren alders kinne te plak yn de Martinitsjerke yn Easterein wêr’t cabaratier Ruurd Walinga har dwaande hâlde sil.

De jongerein fan 15 oan’t 25 jier moetet yn de keet fan Hartwert in motorclub.

 

Nei dizze aktieviteiten en moetings is der om 12:00 oere foar eltsenien sop en broadsjes yn kafé noflik te Easterein wêrnei (13:00 oere) wij mei syn allen in âfsluting hawwe yn de Eastereinder Martinitsjerke. Hjir sjogge en heare wij wat in elts sa belibbe hat op dizze moaie maaitiidssnein.

Poster tevens flyer Greidhoekesnein 14-6-2015

Graach sjogge wij jim op 14 juni!

 

De Greidhoeksneinkommissie