Komme jo ek nei Greidehert? Greidehert is in muzikale filmfertelling oer Littenseradiel. Dit is in feeslik ôfskie fan Littenseradiel. Lit jo meislepe op de prachtige muzyk (in arranzjemint fan Jorrit Laverman) en genietsje fan de bylden fan sfearen, minsken en it lânskip fan Littenseradiel. Wybo Smids en Tjerk Kooistra hawwe tekene foar it idee en de útfiering.
Korps spilet live
Alle besikers sjogge in spesjale film oer Littenseradiel. Tagelyk mei de film spilet der live in orkest, dat bestiet út muzikanten en leden fan korpsen út Littenseradiel. Sintraal steane 29 gesichten, út elk doarp ien. Fan âld oant jong, fan ‘ymport’ oant hikke en tein, fan it lânskip oant en mei it ferieningslibben. Alles wat it plattelân fan Littenseradiel sa gewoan en tagelyk sa bysûnder makket.
Alle ynwenners wolkom, wol oanmelde!
De foarstellingen fan Greidehert binne begjin desimber op ferskate data yn Winsum. Alle ynwenners binne dêr fan herte wolkom. It kaartsje is fergees, mar jo moatte wol yn it foar reservearje. Yn de folgjende Skille stiet hoe’t jo dat dwaan kinne. Wachtsje net te lang, want it tal plakken is beheind.