Greidefûgelexcursie op it “Skrok” en “Skrins”

Kommende sneon 20 maaie is der in greidefûgelexcursie op it Skrok en Skrins. De boskwachter fan natoermonuminten nimt jim dan mei nei de rykste greidefûgelgebieden fan de Greidhoeke. De excursie begint om 09.00 oere. Nei ûntfangst mei kofje op de beheerbuorkerij gean jim it lân yn op it Skrok. Dernei mei de eigen auto nei Skrins. Om 12.00 oere is it dien. De kosten binne € 7,00 foar leden en € 10,00 foar net leden. Ek bern binne wolkom. Sy betelje  o/m 12 jier € 4,00 foar leden, € 7,00 foar net leden en € 4,00 foar kind fan OERR. Oanmelde kin HJIR