Wiene der in 2014 san 88 dielnimmers en yn 2015 in goeie 150 dielnimmers die meidiene oan de spoeketocht fanút de Tsjerne, dit jier binne der mear as 165 weachhalzen. In geweldich moai oantal mar foar de organisaasje wer in bealch fol wurk om de groepen yn te dielen. Sneontejûn sil Easterein en omkriten yn it ramt stean fan “ghost town” mei âljende minsken en njoere spoeken. De start foar de dielnimmers is fanút de grutte Martinitsjerke. Fietsen parkearen by de Tsjerne en fandér út rinne nei de grutte Tsjerke. Wér de rûte lâns giet is noch in grut geheim. Wy winskje de dielnimmers in protte sukses