Gerrit Breteler te gast by Wilhelmina

Op snein 22 maart sil fanfare “Wilhelmina” Easterein, û.l.f. Pieter Bosma, in maitiidskonsert jaan yn de Martinitsjerke fan Easterein. It konsert begjint om 16.00. De entreepriis is 10 euro (ynklusyf in konsumpsje). Bern oant 12 jier binne fergees.

Dit konsert sil fersoarge wurde troch fanfare “Wilhelmina”, Gerrit Breteler en Clara Rullman.

Dpieter bosmairigint Pieter Bosma is sûnt aug. 2011 dirigint fan Wilhelmina. Syn widze stie yn 1981 yn de stêd Grins. Hy spile trompet en klarinet by ferskillende korpsen, mar it like him ek hiel geweldich om sels te dirigearen. Derfoar studearre hy Hafabra direksje oan it Artez konservatoarium fan Swolle by Alex Schillings. Yn 2010 hat hy dizze studzje as dirigint sukselfol ôfsluten. Neist “Wilhelmina” is Pieter Bosma op dit moment ek dirigint fan fanfare“Burdine” fan  St. Anne en it harmony-orkest “Advendo” fan Frjentsjer.

Fierders hâldt hy him dwaande mei it arranzjeren/orkestrearen fan wurken foar fanfare- en harmony-orkest, werfan meikoarten in oantal útjûn wurde by Bronsheim Music.

gerrit bretelerGerrit Breteler: waard berne yn Enschede (1954) en ferhuze yn 1967 nei Fryslân. Hy fielde him op jonge leeftiid al oanlutsen ta de byldzjende keunst. Syn skeppingsdrang komt ta utering yn skilderjen, muzyk, gedichten en it skriuwen fan toanielstikken. It Fryske plattelân is foar him in grutte ynspiraasjeboarne. Wy binne der dêrom ek tige grutsk op dat Gerrit Breteler oan dit konsert meiwurkje sil.  Syn lieten ha meast in wat weemoedige ynslach, mei teksten dy’t der ta dogge. It meast bekende liet is miskien wol: Lit ús dêrom drinke….fan syn earste CD. Fan syn twadde CD sil dizze middei it liet Katarsis klinke mei begelieding fan Wilhelmina.

Breteler wurdt op piano begelieden troch syn fêste begeliedster Clara Rullman. Clara Rullman út Ingelum is yn 1986 ôfstudearre oan it konservatoarium fan Ljouwert foar de fakken piano, skoalmuzyk, sang en dwarsfluit.  Se hâldt har dwaande mei in grut ferskaat oan muzikale aktiviteiten. U.o. projekten foar it ûnderwiis, teaterfoarstellings (Jorwert), workshops en is ek koardiriginte.

“Wilhelmina” spilet fierders û.o. it stik Highland Village Dances fan Rob Goorhuis. Dit stik moat ek spile wurde op it konkours te Drachten op 18 april.

Dus in programma mei in soad ôfwikseling sawol yn muzyk as sang en dêrtroch tige de muoite wurdich.