Fiif grutte bekers steane op’e kast yn de keuken op it Skrok. Germ (soan fan Bauke en Lies) is dwaande west mei in tige goed Kart seizoen.
Op 15 septimber 2013 is kaam de lêste moaie beker derby. Germ ride namelik yn de lêste wedstriid fan it seizoen (yn Kerpen Dútslân) genôch punten byinoar om Nederlânsk kampioen te wurden. In geweldige prestaasje. Je wurde kampioen as je oer seis wedstriden de measte punten hawwe.
Mar hoe wurde je eins kampioen?
Om wedstriden winne te kinnen is it moai om sa faak mogelik te trainen allinne dat is yn Nederlân hiel lestich. Der binne hjir einliks gjin goede grutte kartbanen omdat it mei de regeljouwing nochal krekt komt. De measte banen wer ik riid lizze dan ek yn Belgie en Dútslân. It trainen doch ik dan ek faaks de dagen foar de wedstriid.
Tongersdeitejûn ride Wessel (monteur) en ik dan nei it plak fan de wedstriid, dan earst twa dagen traine en de lêste dei de race sels. Wêrby der earst troch middel fan in kwalifikaasje de startposysje bepaald wurdt. De wedstriid sels bestiet út twa manges (races) en per mange binne prizen (punten) te winnen. Bûten de seis wedstriden om geane we sa no en dan nei in baan om te oefenjen. Mar dat kin fansels net eltse moanne omdat in soad tiid en jild kostet.
Oan it begjin fan it seizoen hie ik it idee dat it wol mooglik wêze moast om kampioen te wurden. Der binne we dan ek hielendal foar gien mei as resultaat it kampioenskip.
Ferfier
Om by de wedstriden te kommen hat Germ in kontainer omboud tot wurkpleats wer de kart ek yn kin. De kontainer komt dan op de frachtauto. Yn de kabine kin ek noch sliept wurden sadat it net nedich is om nei in hotel te gean.
Ambysje
Op de fraach as hy noch ambysjes hat krij ik in antwurd wat ik yn earste ynstânsje net ferwachte hie: Germ stoppet der mei. Omdat hy kampioen wurden is moat hy folgend seizoen nei de folwoekseneklasse en dat betsjut dat de kart oanpast wurde moat, der mear wedstriden ride wurde moatte en der dus ek mear traint wurde moat wat ek wer betsjut dat je der in hiel soad mear tiid oan kwyt binne.
Wat ek in tige wichtige rol spillet by syn beslissing is it jild. Dizze hobby kostet in soad jild en as je noch wolris wat oars keapje wolle en net alles yn je hobby ynfestearje wolle moatte je keuzes meitsje. Dit is fansel wol tige spytich as je san talint foar it karten ha.
Germ hat fanôf syn 15e oant syn 20ste jier kart. As der miskien ek wat oars yn de autowrâld wol wit hy noch net. No earst noch mar efkes niks mar wa wit kinne we him noch in kear tsjinkomme by in autowedstriid yn Blauhús.
Ik fûn op it world wide web ek noch in stikje wat yn de Skille stoen hat oer de prestaasjes fan Germ yn 2009. As je dat lêze wolle klik dan op de folgende link: http://www.skille.nl/pdf/2009-22.pdf