Fuort mar los spilet ‘TWA’ op 17, 18 en 19 maart

Op 17, 18 en 19 maart spilet Fuort mar Los it stik ‘TWA’ by Noflik Easterein. Kaarten kinne jo by Eppie Heins (Populiereleane 5) as Antje Stenekes (‘t Kleaster 8) keapje. Der binne dit jier minder plakken beskikber as oare jierren, 90 plakken per foarstelling. Dêrom is it fan belang dat jo fan tefoaren kaarten keapje, dan binne jo wis fan in plakje. Ek at jo donateur binne wolle wy graach dat jo de kaarten fan tefoaren ophelje. De tagong is € 7,50 (bêrn € 5,00).

By elke foarstelling is in ferlotting. Op sneon is der in neisit yn it kafee mei in stikje muzyk. Sneins kinne jo nei it stik oanskowe foar in lekker hapke iten.

TWA

It toanielstik “TWA“ spilet yn de herberch fan Klaas en Jantsje van der Zee, oan de taap sitte ornaris net folle gasten. Troch de wike sa’n seis, sân, dan hâldt it wier wol op en faaks binne it dan ek noch de fêste klanten. Jo witte wol, klanten dy’t elkenien kin, en sels as jo der net bliid mei binne, harren altyd temjitte komme as wienen it jo bêste freonen. Op dizze jûn sit de kroech grôtfol, it komt harren suver oer it mad. Dus de mouwen opstrûpt en de kop derfoar, soene jo sizze.

Mar no ferrint de gearwurking tusken Klaas en Jantsje net altyd maklik, beide ha it dreach om elkenien op tyd in slokje as in hapke te bringen en dat jout de nedige spanning. Op sokke jûnen treffe jo dan ek noch altyd lju dy’t oan de bar skowe om dêr har eigen ferhaal te fertellen. Minsken dy’t efkes bykomme ûnder it genot fan in lekker gleske bier, oaren om har eigen ego goed sjen te litten. Somtiden ha jo begrutsjen, as de teannen krom yn de skuon, oaren slúte jo fuortendaliks yn jo hert. Hawar, Klaas en Jantsje ha in drokke jûn en ek sy hawwe har eigen ferhaal.

 

Besjoch de flyer/poster foarside

Besjoch de flyer achterside