Fuort mar los siket û.o. spilers

– ynstjoerd troch Fuort mar Los –

De toanielferiening is al wer dwaande mei de tariedings foar kommend seizoen. We hawwe al in stik foar takom jier útsocht en we ha in nije regisseur fûn. No noch spilers. Dêrom organisearje wy op 3 septimber in jûn foar elts dy’t kommend jier meispylje wol.

Wolst net spylje, mar wat oars dwaan? Der binne noch fakatueres foar rezjy-assistint as ynstekster.

fuort mar losDe jûn sil der ûngefear sa útsjen:

  • Iepening
  • Yn de kunde komme mei de nije regisseur Sybe van der Ploeg
  • Presintaasje fan it stik
  • Wa wol meispylje?
  • Rolferdieling 10 septimber
  • 1e repetysjejûn 17 septimber
  • We drinke der ien op

Kinst 3 septimber net komme, mar wolst wol graach meidwaan, jou dat dan troch oan ien fan ús.

Hopelik oant 3 septimber om 20.00 oere yn Noflik Easterein.

Bestjoer toanielferiening ‘Fuort mar los’

Halbe, Eppie, Karin, Yvonne en Ype