Toanielferiening ‘Fuort mar los’ út Easterein spilet dit jier ” IN GEKKEHÛS YN’ T SIKEHÛS “. In blijspul skreaun troch Wilma Renes-Leertouwer (oersetting Gurbe Dijkstra). De útfieringen binne op freed 18 maart om 19:00 oere en sneon 19 maart om 20:00 oere yn de toanielseal fan Restaurant Partycentrum Noflik Easterein, Sibadawei 2 te Easterein. Eltsenien is fan herte wolkom foar in noflike jûn.
It is in gaos yn it sikehûs. Troch te min plak – fanwege in ferbouwing – wurdt seal 13 yn gebrûk nommen. In ferâldere hok wêr’t gjin fasiliteiten binne. De iene nei de oare ferpleechkundige meldt him siik,en suster Riny moat har sjen te rêden mei de wat froulik oandwaande broeder Ernst -Paul en de sullige, âlde en trage suster Bep. Ut need freget se de beide skjinmaksters, Janny en Ilona, har te helpen as ferpleechsters. Dan rint de seal fol mei pasjinten. Cohen, krekt fan de O.K., is -seker it earste bedriuw-gjin drege pasjint. Kuperus is dêrfoareoer in pasjint dy’t in bulte noaten op ‘e sang hat en is faaks ek net de man wêr’t er him foar útjout. Frou Visser is leaf ,mar se is sa doof as in kwartel. En dat is net altyd even maklik. Dêr komt noch by dat se alletrije graach by it rút lizze wolle, en dat soarget foar in bulte opskuor. Gelokkich docht dokter Bouwer mei regelmaat in rûntsje oer seal 13. Mar oft de pasjinten dêr no safolle better fan wurde…?
In tagongskaartsje kostet € 7,50 (bern €3,-). Op sneon 19 maart is der ek noch in ferlotting mei moaie prizen en in noflik stikje musyk fersoarge troch ‘It takes two’.