Op Snein 29 Novimber organisearret de Fûgelwacht in snoek-fiskwedstriid.
(ynstjoerd troch de fûgelwacht Easterein)
It is de bedoeling om die dei yn twatallen as trijetallen mei dea aas te fiskjen en jaja,der sitte wat spulrigels oan fest.
- Maksimaal 2 hengels p.p.
- Der wurd alinnich fiske mei dea aas!
- Fiskpas!
- Sels ferfier regelje
- Sels aas regelje
- We starte 9.00 yn it hok fan de heer J.Huitema as by Gerard thús, der kry jim in bakje. Sels iten regelje foar die dei. 15.00 stopje we en hat elts syn bewiizen mei kwa fangst.
- Der wurd nei de kofje lotte wert jimme die dei fiskjen gean, hoe mooi is dat!! Let op, we ha alinnich mar top spots/doarpen.
- Der bin priizen far de grutste fisk en de measte fisk.
- Nei ôfrin (lokaasje hearre jim op die dei) is der tiid foar in borrel (euro foar in fleske, earste is fansels fan de wacht). Jimme krije dan in hearlijke bak snert mei in stikje brea mei spek.
- Opjefte kin bij gerardvanasselt@hotmail.com 0683254687 as johannes84@hotmail.com 0629514411
- De ynlis is 5 euro p.p.
De wedstriid is foar al ús leden. Net leden bin ek wolkom mar it dan seker dat die dan lid wurde. De wedstriid is foar 14plussers.
Foar fragen witte jimme ús te fienen.
Groetnis Jan-Rinse, Martin, Gep, Jehannes en Gerard