Frywillige ‘klussers’ socht foar WEK – per adres €50,- foar ús feriening!

De aksje ‘Energysúnich Wommels’ is opset troch de energiecoaches fan de WEK yn gearwurking mei Doarpsbelang Wommels en Elkien. As feriening ha wy oanjûn mei te dwaan oan dizze aksje en dat betsjut it folgende:

  • Der binne sa’n 120 oanfragen binnenkomen fan ynwenners fan Wommels foar it oanbringen fan lytse energybesparjende maatregels.
  • De energiecoaches fan de WEK soargje foar in ynvintarisaasje fan it nedige materiaal en foar de bestelling
  • No kommen de frywilligers yn bield dy’t yn twatallen de materialen lykas tochtstrips, radiatorfoly en brievebusboarstels oanbringe sille
  • Per adres smyt dat €50,- op foar de feriening

Wy ha jim hulp nedich! Bisto in bytsje handig en wosto dy ynsette foar ús feriening? Stjoer dan in mail nei secretariaat@covos.nl sadat wy trochjaan kinne op hoefolle ‘klussers’ de aksje rekkenje kin. Op 20 septimber wurdt in ynstruksjejûn organisearre foar de klussers.

Graach foar 9 septimber jimme reaksje, alfêst tige tank!

http://wekwommels.nl/