Fryske jûn yn de Bibliotheek fan Wommels

Bibleteek Wommels hat op woansdei 25 septimber yn it ramt fan De moanne fan it Fryske boek in Fryske jûn. Om 20.00 oere begjint in ôfwikseljend programma dat fersoarge wurdt troch skriuwers Willem Verf en Ale van Zandbergen, tegearre mei sjonger Jaap Louwes. Ale van Zandbergen presentearret syn debútroman ‘Littenser merke’, wêryn de situaasje fan in predikant yn Easterlittens yn 1831 spegele wurdt oan it libben fan in jonkje dat, yn deselde omkriten, libbet yn de 60-er en 70-er jierren fan de 20e ieu.  Willem Verf praat oer syn nije roman ‘Bûtenman en bûtenfrou’. Sjonger en lietskriuwer Jaap Louwes lit syn ‘akoestyske rock&roll’ hearre.

 

De tagong is € 3,50 foar leden en € 7,00 foar net-leden fan de bibleteek, dat is ynklúsyf kofje of tee. Graach yn it foar  oanmelde yn de bibleteek, of fia wommels@bssw.nl.