Fryske Boeken Sutelaksje: help Wilhelmina nei it Wereld Muziek Concours!
Op tiisdeitejûn 4 april komme de leden fan Wilhelmina lâns de doaren yn Easterein mei i…n kroade fol Fryske boeken.
Wilhelmina sil op sneon 15 july meidwaan oan it Wereld Muziek Concours yn Kerkrade. Dit kampioenskip is iens yn de fjouwer jier. Omdat it meidwaan oan sa’n barren dochs ek wol ekstra kosten meibringt (tink oan alle ekstra repetysjes, de busreis, it ferbliuw ets.) ferkeapje wy dizze Fryske boeken. In diel fan de opbringst giet nei Wilhelmina.
Yn de folder, die yn de bus dien is yn Easterein, kinne jimme alfêst sjen hokker boeken as yn de kroade sitte. Dizze boeken hawwe wy tiisdei allegearre by ús. Dus sykje jimme noch in moai boek om sels te lêzen as om kado te dwaan? Jimme helpe ús hjirmei geweldich en hâlde der sels ek noch wat aardichs oan oer!
As der minsken bûten Easterein binne dy’t ús ek graach stypje wolle troch it keapjen fan in boek? Nim kontakt op en wy regelje it!