Friso en Stefan winne fiskwedstriid fûgelwacht Easterein

It wiene snein net al te béste waarsomstandichheden tidens de snoekwedstriid fan fûgelwacht Easterein. It wie in snein mei in soad rein, motrein en hurde wyn. Dochs gongen sân 5 teams op paad foar de felbegearde fleisprizen. Team Gerben, Hans en debutant Andries sette ôf mei de boat en gongen fia de Pôle rjochting Boalswert.  Jurje en Sikke nei Reduzum, Huite en Anrea naar Easterwierrum, Gerard en Johannes mei Jasper nei de bekende hotspot yn Weidem en Friso en Stefan ha wat rûnriden nei ferskate moaie plakjes. Dit blike efterôf de béste taktiek. Stefan wûn mei in snoek fan 90 cm de 1e priis by de grutste snoek en Friso wûn mei 4 snoeken de priis foar de measte.